Akwadukt by Drachtsterdyk is pas oer goed jier klear

It akwadukt by de Drachtsterdyk wurdt pas op 31 augustus 2017 iepene foar auto- en fytsferkear. De provinsje Fryslân en oannimmer Heijmans binne nei wiken fan diskusje ta oerienstimming kaam oer it ferfolch fan de bou fan it akwadukt. Yn earste ynstânsje hie it ferkear al oan de ein fan 2015 troch it akwadukt ride moatten. De provinsje jout sels noch 8,5 miljoen euro om it projekt ôf te meitsjen.
It wurk oan it akwadukt leit al in pear wiken stil, om't beide partijen it net iens wienen oer de kosten fan it nije M.C. Escher Akwadukt. De bou hat al meardere kearen fertraging oprûn fanwege technyske mankeminten.
Op woansdei 22 juny stiet in spesjale gearkomste foar omwenners op it programma.