''Gebietsteams Weststellingwerf moatte mear sichtber wurde''

It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gebietsteams fan Weststellingwerf moatte noch mear sichtber wurde, mar harren ûntwikkeling leit wol op koers. Dat skriuwt RadarAdvies, it buro foar sosjale fraachstikken, oan de gemeente. De ûndersikers hawwe in evaluaasje dien fan de trije gebietsteams yn de gemeente. Dizze teams moatte minsken stypje op it mêd fan jeugd, wurk en soarch.
De konklúzje fan it ûndersyksburo is dat de teams goed funksjonearje, mar dat der noch wol wat ferbettere wurde kin. Sa soenen de meiwurkers fan de gebietsteams mear de wyk yn moatte. Ek klage de minsken deroer dat se in protte administraasje hawwe. Dêrfoar soenen de wurkprosessen en ict-systemen oanpast wurde moatte.
De teams binne aktyf yn Noardwâlde, Wolvegea-East en Wolvegea-West. De measte fragen, hast ientredde, gean oer finânsjes. Dêrom moat neffens de ûndersikers mear ynsetten wurde op skuldprevinsje en advys oer ynkommen.