Skoalkoepels fierder ûnder nije namme Ambion

© Ambion
Skoalkoepels Primus en De Basis yn it suden fan Fryslân geane tegearre fierder ûnder de namme Ambion. De koepels jouwe les oan hast 4.000 learlingen yn de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean. Ambion foarmet no in holding, mei dêrûnder de koepels Primus en De Basis. Dy bliuwe wol bestean, mar it bestjoer falt tenei ûnder Ambion.
It is neffens de bestjoerders foar it earst yn Nederlân dat twa skoalkoepels ûnder sa'n konstruksje gearwurkje.