Erwin Zeinstra tongersdei yn aksje op EK fuotbal

Erwin Zeinstra (links) by de finale fan de UEFA Europa League 2013 © ANP
Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp komt tongersdei foar it earst yn aksje op it EK fuotbal yn Frankryk. Zeinstra assistearret dan skiedsrjochter Björn Kuipers yn de pûlewedstriid Dútslân tsjin Poalen.
Beide ploegen hawwe harren earste EK-wedstriid wûn. It duel fynt plak yn Stade de France yn Saint-Denis en begjint om njoggen oere jûns.