Chiel Breukelman wint Ronde fan de Kerspelen yn Droegeham

Hurdfytser Chiel Breukelman is sneon de winner wurden fan de 23e edysje fan de Ronde fan de Kerspelen. Yn Droegeham kaam de fytser út Gramsbergen yn in massasprint as earste oer de einstreek. Twadde waard Gary Hekman ek út Gramsbergen. It tredde plak wie foar Roy Eefting fan De Jonge Renner.
By de froulju gong de winst nei Danique Braam út Feanwâlden. Sy wist yn in spannende massasprint Rixt Meijer fan It Hearrenfean foar te bliuwen. Tredde waard Evy Kuijpers út Lierop.
De earste edysje fan de Ronde fan de Kerspelen waard yn 1993 wûn troch Thijs de Vries.