Brân yn soarchsintrum Swettehiem, bewenner yn feilichheid

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der hat sneontemiddei brân west yn in appartemint yn soarchsintrum Swettehiem oan de Pieter Sipmawei yn Ljouwert. It fjoer koe gau útmakke wurde en de bewenner fan it appartemint koe op 'e tiid nei bûten komme.
De brânwacht die fia twitter in ekstra oprop om de helptsjinsten de romte jaan, foaral omdat it yn dat diel fan de stêd smoardrok wie fanwege de loftmachtdagen. Oer de oarsaak fan de brân yn it soarchsintrum is noch neat bekend.