Fuotbalklup Bûtenpost krijt jild fan Rabobank

De sjek fan 2000 euro foar VV Bûtenpost © kiepie.nl
Fuotbalferiening Bûtenpost hat in bedrach fan 2000 euro krigen fan de Rabobank. It jild komt út in spesjaal fûns fan de bank, dat bedoeld is om de leefberens yn doarpen te fergrutsjen. De fuotbalferiening sil it jild brûke foar de oanskaf fan sinnepanielen en led-ferljochting, sadat der besparre wurde kin op enerzjykosten.
It jild waard freed útrikt by de famyljedei, dêr't it seizoen mei ôfsletten waard. By dy dei waarden ek de kampioensteams yn it sintsje set, dat binne der dit seizoen 13 by VV Bûtenpost.