Reizgers wachtsje twa oeren op de bus nei fleanbasis

In lange, lange rige fan wachtsjende minsken © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
By it stasjon fan Ljouwert moasten besikers fan de loftmachtdagen soms hast twa oeren wachtsje foardat se mei de bus nei de fleanbasis koene. Guon minsken duorre dat te lang en sy giene rinnende rjochting loftmachtdagen.
Om 10 oere rôp de organsiaasje al op om net mear rjochting Ljouwert te reizgjen, mar doe wiene der ek al tûzenen besikers ûnderweis. De minsken hoopje dat se toch noch wat fan de fleanshows meikrije sille.