Oprop: Net mear mei auto of trein nei de loftmachtdagen gean

De organisaasje ropt om 10 oere op om net mear nei de loftmachtdagen yn Ljouwert te kommen, dat jildt sawol foar minsken dy't mei eigen ferfier as mei it iepenbier ferfier komme. MInsken dy't op de fyts of rinnende komme, kinne dat wol gewoan dwaan.
Der stean noch hieltyd files en de parkearterreinen binne fol. De tastream fan treinreizgers soarget op it Ljouwerter stasjon foar fertraging, ek omdat alle tassen kontrolearre wurde moatte.
De iepen dagen binne te folgjen fia Omrop Fryslân.
De maatregel is neffens de organisaasje benammen bedoeld om frustraasjes by besikers dy't lang fêst stean en dêrtroch te let komme foar te kommen. Foar minsken dy't no yn de file stean te wachtsjen, wurdt besocht noch in parkearplak te finen.