Definsje: Kom mei OV of de fyts nei de Loftmachtdagen

© Omrop Fryslân, Abe Visser
Definsje ropt besikers fan de Loftmachtdagen yn Ljouwert op om sneon mei it iepenbier ferfier of de fyts te kommen. Fanwegen it grutte tal besikers en de drokte by de parkearplakken, soe dit soargje moatte foar bettere berikberheid fan it evenemint en minder files.
Freed stienen besikers lang yn 'e file troch drokte op de tagongswegen en by de parkearplakken. Dat wol de organisaasje sneon foarkomme. Der binne 2.500 ekstra parkearplakken beskikber steld.