Auto rekket yn 'e sleat tusken Weidum en Mantgum

© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Op de Hegedyk tusken Weidum en Mantgum is in auto yn de sleat bedarre. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto fan de dyk, gie oer it fytspaad en einige yn in sleat. Yn de auto sieten in frou en twa lytse bern. De bestjoerder koe selsstannich út de auto komme.
Foar it ûngelok binne twa ambulânses oproppen. Alle trije ynsittenden binne mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.