Reedriden op simmeriis yn Ljouwerter Alvestêdehal

Alvestêdehal © Omrop Fryslân, Andor Faber
Reedriders kinne fan takom moandei ôf terjochte yn de Alvestêdehal fan Ljouwert om rûntsjes op simmeriis te meitsjen. It is de earste kear dat der simmeriis yn de sporthal leit. Gewoanwei kinne toppers en rekreanten yn 'e simmer ride yn Thialf, mar dy wurdt dizze simmer ferboud. De ôfrûne wiken is der al 60.000 liter wetter op de flier lein.
De kommende dagen komt der nochris 60.000 liter by. Direkteur Johan van der Kooi is grutsk dat Ljouwert no ek simmeriis hat. Sa't it no liket is dat mar foar ien simmer. Takom jier hopet Thialf sels wer simmeriis te hawwen.