Aksjekomitee sjocht ôf fan eksploitaasje swimbad De Frosk

It aksjekomitee 'Swimbad De Frosk moat Bliuwe' nimt de eksploitaasje fan it swimbad yn De Westereen net oer. Dat hat it aksjekomitee tongersdeitejûn besletten. It is in te grut risiko om it hjoeddeiske, ferâldere bad te eksploitearren. Dêrnjonken is der gjin jild om de ynboel fan it swimbad oer te nimmen.
De kurator hie de ynboel beskikber steld foar 26.000 euro, mar dat jild is der net. Wurdfierster Anke Wijbenga fan it aksjekomitee seit dat it in dreech beslút is op te hâlden.
De totale ynvestearring soe op 2,5 oant 3 ton rûsd wurde. De ôfrûne jierren gie it besikersoantal omleech fan 80.000 nei 40.000. It aksjekomitee hopet no dat der dochs noch in eksterne partij komt dy't de eksploitaasje dwaan wol. Oars falt it doek foar it swimbad yn De Westereen.