Fryske soarchsintra ûnderskieden foar gastfrijens

Wensoarchbuorkerij Cornelia Hoeve yn Jistergea en soarchsintrum Vegelin State op De Jouwer hawwe beide fjouwer stjerren krigen foar de gastfrijheid dy't dêr ferliend wurdt. Dat barde woansdeitejûn op de jierlikse 'Gastvrijheidszorg met Sterren-byienkomst' yn it Okura Hotel yn Amsterdam. Dy wurdt alle jierren organisearre om de gastfrijheid yn de soarch op in heger peil te krijen.
Dit jier hiene 160 soarchynstelling har oanmelden foar dielname. Alle ynstellingen hawwe besite krigen fan saakkundigen. Ek leden fan kliïnterieden, personiel en mantelsoargers is frege wat se fine fan de gastfrijheid.