Weststellingwerf en plysje teste Buertprevinsje Whatsapp

Buertprevinsje © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De gemeente Weststellingwerf wol mei de plysje teste hoe't it giet mei Buertprevinsje Whatsapp-groepen. Dat bart op meardere plakken yn de gemeente. Der wurdt ûndersocht oft bewenners fertochte persoanen en situaasjes sinjalearje, oft dy ynformaasje wol mei-inoar dield wurdt en oft de plysje dan ek ynskeakele wurdt.
Yn guon plakken binne Whatsapp-groepen oprjochte dy't harren rjochtsje op it sinjalearjen fan fertochte situaasjes yn strjitten en wiken. Wannear't de testen útfierd wurde, is noch net bekend.