Keunstner siket frijwilligers foar projekt op festival

© Omrop Fryslân, Jaap Elzes
De Belgyske keunstner Ruben Bellinkx siket frijwilligers foar in projekt op Welcome to the Village. Hy hat 34 manlju nedich foar syn projekt Stasis. De frijwilligers moatte fit wêze en tusken de 1,75 en 1,84 meter lang. In burd of in snor mei wol, as it goed fersoarge is.
Yn Stasis lit hy de manlju in piramide foarmje mei help fan tafels. Mar de manlju hawwe de tafels net yn de hannen, mar yn de mûle. Alteast, sa liket it. It optreden fan Bellinkx fynt plak op snein 17 july, de lêste dei fan Welcome to the Village.