Paraffine oanspield op Noardseestrannen Skier en It Amelân
Op it strân fan Skiermûntseach is mear as fiif kúb paraffine oantroffen. Wêr't it weikomt, is net dúdlik. Rykswettersteat is sûnt sneon dwaande om it guod op te rêden. Op eastlik Amelân is ek paraffine oantroffen en op de ûnbewenne sânplaten Rottumerplaat en Simenssân leit it guod ek. It kin nei alle gedachten net earder as tongersdei oprêden wurde, seit Rykswettersteat.
Paraffine is in natuerlik ûnderdiel fan ruwe oalje, en it liket op kearsfet. It lost net op yn wetter.
Op Skiermûntseach wurdt de paraffine mei masines opromme. De sânplaten binne mei masines min te berikken, dat dêr sil it benammen mei de hân opkrigen wurde moatte. Waadfûgels en jonge seehûnen yn it gebiet hawwe dêr ek it minste lêst fan. De fûgelwachten fan Steatsboskbehear helpe mei mei it opromjen. Rykswettersteat koördinearret it wurk.