Azc foar 300 asylsikers komt definityf nei Harns

(argyffoto) © ANP
Boargemaster en wethâlders hawwe moandei definityf besletten dat op it Balklandterrein oan de Westerseedyk yn Harns in azc komt. Dêryn wurde trijehûndert flechtlingen ûnderbrocht. De gemeenteried gie earder al akkoart.
It azc komt der foarearst te stean foar in perioade fan fiif jier, mei in mooglike ferlinging fan nochris fiif jier. It azc moat foar de simmer fan 2017 iepen kinne. De gemeente moat dêrfoar noch ôfspraken meitsje mei it COA. In oannimmer dy't it sintrum bouwe sil, is ek noch net fûn.
Omwenners hiene yn it foar krityk op de lokaasjekar fan de gemeente. Boargemaster en wethâlders wolle gjin oar plak. Se sille mei omwenners en oaren oerlizze oer de ynpassing fan it sintrum yn it Balklandterrein. De gemeente hat dêr in advysgroep foar oprjochte, dêr't op dit stuit 35 minsken yn sitte. De advysgroep tinkt ûnder oare mei mei gemeente en COA oer de ynrjochting fan it terrein, oer de kommunikaasje mei omwenners en oer de leefberens en de feilichheid.
Nei de simmer jout de gemeente op in iepenbier tagonklike gearkomste mear ynformaasje oer de komst fan it asylsikerssintrum.