F-35 makket tiisdei rûnflecht boppe Nederlân

De rûnflecht fan de F-35 dy't ferline wike net trochgie, wurdt no tiisdei hâlden. De strieljager sil relatyf leech en stadich oer it lân fleane, sadat minsken him sjen kinne. Ferline wike koe dat net, omdat der tefolle bewolking wie. Om twa oere hinne set de F-35 ôf fan de Fleanbasis Ljouwert.
In wurdfierder fan de fleanbasis lit witte dat it rûntsje fan no grutter is as ferline wike soe. Benammen fan fleantúchleafhawwers yn it easten fan it lân wie der krityk op de rûte, omdat de F-35 foaral oer it westen fan Nederlân fleane soe.
De F-35's fleane oer twa wiken wer nei Amearika. Yn 2019 komme se definityf nei Nederlân.