Minister Kamp: 'Hiele Noardsee komt fol wynmûnen"

© Omrop Fryslân
Minister Henk Kamp hat de saneamde 'Noardseelannen' safier krigen dat se gearwurkje op it mêd fan wynenerzjy. Kamp tinkt dat de Noardsee yn de takomst hielendal fol stean sil sil mei wynmûnen.
De lannen meitsje ôfspraken oer de oanlis fan wynparken yn de Noardsee. Nederlân hat al ferskate plannen foar wynmûneparken yn de Noardsee ûntwikkele. Troch gear te wurkjen op it mêd fan bygelyks de ynkeap fan materiaal of it oanlizzen fan kabels, kin in soad jild besparre wurde.