Oerheid stjoert moandei NL-Alert

© ANP
De oerheid stjoert moandei om 12:00 oere in NL-Alert kontrôleberjocht. Oan de hân fan dit kontrôleberjocht kinne minsken neigean oft harren mobile telefoan geskikt is om in NL-Alert te krijen. As it kontrôleberjocht binnen komt, betsjut dit dat de mobyl sa ynsteld stiet dat NL-Alerts ûntfongen wurde kinne.
NL-Alert is it alarmmiddel fan de oerheid. As in telefoan ynsteld is foar in NL-Alert, krijt dyjinge by in needsituaasje in tekstberjocht op syn mobyl. Yn it berjocht stiet wat der oan de hân is en hoe't der it bêste hannele wurde kin.