Himpenserpoldermûne wurdt restaurearre

De Himpenserpoldermûne © Wikipedia / Foppe01
De wjukken fan de Himpenserpoldermûne tusken Wergea en Ljouwert wurde no tiisdei fuorttakele. Dat bart mei in grutte teleskoopkraan. It ferwiderjen fan de 12 meter lange wjukken is it begjin fan in grutte restauraasje. Al it houtwurk fan de wjukken wurdt fernijd. Dat bart yn Stiens. Fierder wurdt it reid fan de kap hielendal ferfongen. It mitselwurk oan de ûnderbou wurdt opknapt, it houtwurk wurdt reparearre en de mûne wurdt op 'e nij skildere.
Finansjele stipe
De eigener fan de mûne, de Monumentenstichting Boarnsterhim, is noch drok dwaande om it lêste jild foar de restauraasje binnen te krijen. Der is al finansjele stipe tasein troch de provinsje, it Nationaal Restauratiefonds en ferskate stichtingen. Ein dit jier moat de restauraasje fan de Himpenserpoldermûne klear wêze.