UPDATE: Motorrider swierferwûne by ûngelok Winsum

Op de Froonackerdyk by de krusing mei de Weakenserdyk by Winsum hat sneintemiddei in oanriding west tusken in motor en in auto. Troch de botsing kaam de auto yn de njonkenlizzende sleat telâne. De swierferwûne motorrider is mei spoed nei it sikehûs brocht. Ek de byrider fan de motor en de autobestjoerder binne nei it sikehûs brocht.
Plysje, brânwacht en fjouwer ambulânses binne oproppen. Ek binne twa traumahelikopters alarmearre. De dyk is ôfsletten foar ferkear. De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.