Ylona Kruis wint Slachtemaraton by de froulju

De 43-jierrige Ylona Kruis fan Ysbrechtum is de winner fan de Slachtemaraton by de froulju. Earder wûn sy ek al de maraton fan Snits, mar de winst op de Slachte is foar har belangriker, sa sei se nei ôfrin. De lêste kilometers wiene swier foar Kruis, benammen troch de waarmte. Doe koe se de snelheid net mear opfiere. Nei ôfrin reagearre se nuchter op har winst: "Fan 'e middei sil ik gewoan wer oan it wurk yn in antykwinkel yn Snits."
Ylona Kruis einige yn de Slachtemaraton fan 2012 as tredde.
Rian van Buren kaam sneon as twadde oer de finish yn Raerd en Nesrine Leene einige as tredde.