Nepkaarten foar Oerolfoarstellings oantroffen

Der binne sabeare kaarten foar Oerolfoarstellings yn omrin. Dat meldt de organisaasje fan it festival op Skylge. Kaarten mei yn de linkerhoeke it wurd 'duplicaat' binne net jildich. Troch in flater by it printsjen binne sa'n 100 kaarten per ûngelok dûbeld útprinte. Besitters fan in 'duplicaat ticket' wurde frege om dit kaartsje yn te leverjen by de organisaasje.
Minsken dy't kaarten on-line oernimme wolle fan oaren, wurde oproppen om earst om in foto te freegjen, foardat se de kaarten keapje.