Faber Audiovisuals yn Sint-Anne wint wer in priis

Faber Audiovisuals fan Sint-Anne hat wer in priis wûn. Dizze kear is it de Nationale Business Succes Award yn de kategory audiofisuele apparatuer. Koartlyn wûn it bedriuw ek al de Dutch Live Entertainment Production Award.
Faber fersoarget lûd en byld by grutte konserten, beurzen en eveneminten en is yn koarte tiid hiel hurd groeid. Nei it winnen fan dizze priis makket Faber kâns op de grutste telefyzje-ûndernimmerspriis fan Nederlân.
De Business Succes Award hat in eigen wykliks telefyzjeprogramma op RTL7. Dêr sil Faber meikoarten yn te sjen wêze.
"Het is bijzonder mooi te zien dat verschillende vakjury's herkennen dat de werkwijze en het daaruit voortvloeiende succes voor ons bedrijf best bijzonder zijn. In relatief korte tijd is het bedrijf enorm gegroeid. Dat is een teamprestatie waar we erg trots op zijn. Dat dit niet alleen wordt beloond met het vertrouwen dat grote prestigieuze klanten in ons stellen, maar ook nog eens met verschillende awards, is een fantastische waardering voor al onze medewerkers. Het continue streven naar 100% klanttevredenheid, het leveren van de beste kwaliteit en het werken met de nieuwste technologieën zit bij ons allemaal in het bloed. Ik hoop nog heel lang fantastische dingen te kunnen realiseren met dit geweldige team", sa seit CEO Cees Jan Faber.