Brânwacht stelt team yn foar spesjale technyske help

Fryslân hat der in spesjaal brânwachtteam by. It team Specialisme Technische Hulpverlening, ek bekend as it STH-Noard, is fan woansdei ôf aktyf. Op dat team kin de brânwacht tenei in berop dwaan as by in ramp of ûngefal help nedich is dy't de brânwacht sels net jaan kin. Ek as der swier materieel komme moat, regelet it team dat.
Yn it hiele lân binne fiif teams oansteld troch de feilichheidsregio's. It team yn Noard-Nederlân bestiet út 27 Friezen, dy't dêr it ôfrûne jier in swiere training foar ôflein hawwe.
Neffens Edwin Stoelwinder fan it team-noard is it spesjale brânwachtteam nedich om't it ûnmooglik is om by alle brânwachtkazernes minsken op te lieden foar spesjalistysk wurk. Boppedat wie de spesjalistyske kennis wat ferwettere by in soad meiwurkers. No is it wer dúdlik wa't helpe kin by in grutte ramp, lykas in gaseksploazje of in ynstoart gebou.