Fêstrûne klipper op Flylân wer flot lutsen

© Emma van Laar
De klipper Noorderlicht is wer flot lutsen. It skip is ûnderweis nei Harns. De Noorderlicht rûn fêst op in strekdaam flak ûnder Flylân. De 28 skoalbern dy't oan board wienen, binne mei de rêdingsboat fan Flylân nei it eilân brocht.
De bergers moasten wachtsje op heech wetter om de 56 meter lange klipper flot te lûken. Dat is woansdeitemiddei lang om let slagge. It skip giet no nei Harns. De bern binne op Flylân op in oar skip opfongen.