Keatster Lisette Wagenaar blessearre by fuotbaljen

Lisette Wagenaar (rjochts) en Fenna Zeinstra © awfoto.nl
It keatsseizoen fan Lisette Wagenaar liket foarby te wêzen. Dat meldt Kaatsnieuws.com. Wagenaar rûn in blessuere op by it fuotbaljen. Undersyk hat útwiisd dat se de foarste krúsbân ôfskuord hat. Ek hat se in bonkekniezing yn 'e knibbel.
De keatster is al mei terapy úteinset, mar se mist de twadde cyclus. Dêrtroch kin se ûnder oare net meidwaan mei de Frouljus-PC yn Weidum dy't se twa jier lyn noch wûn. Wagenaar sit normaal sprutsen yn in partoer mei Imke van der Leest en Sjanet Wijnia.