Kolleezje: A. Th. de Boer wurdt net dûbeld straft

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân ûntkent mei klam dat de gemeente it lânboumeganisaasjebedriuw A. Th. de Boer yn Drachten dûbeld straft no't se dêr in jier lang gjin ynkeapen dogge. Dat skriuwt de gemeente yn in skriftlike ferklearring. Op basis fan de útspraak fan de rjochter hat it gemeentebestjoer in eigen ferantwurdlikheid op it mêd fan it oanbestegings- en ynkeapbelied, sa skriuwt de gemeente.
It kolleezje hat tsjin de ûndernimmer sein dat se hjiroer yn de parse fierder neat oer sizze sille.
Dêr hâldt de gemeente no ek oan fêst. Op tongersdeitejûn is der in spoeddebat oer dizze kwestje yn de gemeenteried fan Smellingerlân. It Drachtster meganisaasjebedriuw wegere ferline jier Bas van der Meer as stazjêr, omdat er homoseksueel is. Dat soe net passe by de kristlike oertsjûging fan de direksje fan it bedriuw. De rjochter hat it bedriuw dêr in boete foar jûn, 1600 euro, foar in part ûnder betingst en mei in proeftiid fan 3 jier.