Folle mear slachtoffers troch Q-koarts as earder tocht
De Q-koarts hat folle mear deadlike slachtoffers easke as tocht. Sûnt de epidemy yn 2007 soene net 26, mar leafst 74 minsken oan de sykte stoarn wêze. Dat hat it Brabants Dagblad tiisdei nei bûten brocht. Q-koarts is in ynfeksjesykte dy't yn Nederlân benammen troch besmette melkgeiten en melkskiep op minsken oerdroegen is.
Minsken dy't de baktearje yn har liif drage kinne slimme hert- en iersykten krije. De measte groanyske pasjinten fan Q-koart wenje yn Brabân, mar ek yn Fryslân binne minsken siik wurden.
Petra Huisman-Keijzer út Drachten tinkt dat de nije sifers noch mar it topke fan de iisberch binne. Sy ferwachtet dat it tal deaden troch Q-koarts allinnich noch mar tanimme sil. Sysels is fjouwer jier lyn troch de sykte troffen. Sa binne ûnder oare har spieren en bonken troch de sykte oantaast. Ek komt frou Huisman trochdat se altiten wurch is, hast net mear it hûs út. It Fryske slachtoffer soe de Q-koarts krigen ha doe't se tusken Oerterp en Fryske Peallen lâns in pleats mei besmet fee fytste. Mei de lanlike belangenferiening Q-Support is se útein set mei in proseduere om skeafergoeding te krijen.