Fryske hynst Frederik út Arkansas 'moaiste fan 'e wrâld'

De 15-jierrige Fryske hynst Frederik the Great út Arkansas wurdt troch in soad minsken sjoen as it moaiste hynder fan de wrâld. De hynst hat in eigen Facebook-pagina mei 30.000 folgers oer de hiele wrâld. De reaksjes op de sosjale media lige der net om: "Sa'n moai hynder komt der noait wer", skriuwt ien fan de fans. Frederik krige ek al ferskate filmrollen oanbean.
Frederik is fokt troch Jentsje Plantinga fan Damwâld. Yn de Ingelske krante The Guardian fertelt eigener Stacy Nazario dat Frederik 'in freonlike reus' is.
Hynder en eigener krije it der mar drok mei. Der komme de kommende wike ferskate tv-ploegen nei Arkansas om de hynst te bewûnderjen en te filmjen. Stacy Nazario hat Frederik sels út Nederlân ymportearre. Frederik falt benammen op troch yn lange moannen. Frederik wie yn earste ynstânsje nei Amearika helle as dekhynst, mar liket der no in hiel oare karriêre by te krijen.