"Staking by Engie Services noch lang net foarby"

It bliuwt ûnrêstich by Engie Services Noord, it eardere bedriuw Cofely mei in fêstiging yn Ljouwert. By in reorganisaasje driget ûntslach foar 65 minsken. Sûnt maart wurdt der al geregeld staakt.
De stakings binne noch lang net foarby, seit Wilco van Niejenhuis fan fakbûn CNV. "We gaan door met de acties tot er een fatsoenlijke regeling komt. Dat kunnen we heel lang volhouden. Dit is een kwalitatief hoogstaand bedrijf. Ze zullen dan ook goed en fatsoenlijk met de mensen moeten omgaan, als er mensen moeten vertrekken in hun ogen."
"Wat ze nu doen is volstrekt onacceptabel", seit Van Niejenhuis fierder. It fakbûn giet woansdeitejûn op 'e nij om tafel mei meiwurkers fan it bedriuw om de folgjende stappen te bepraten. "Cofely is nog lang niet klaar met ons."