Hurdfytser Lieuwe Westra fallen yn Ronde fan België

Lieuwe Westra (argyfoto) © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is sneon ûnderút gien yn de Ronde fan België. Der wie in massale falpartij, dêr't meardere riders by belutsen wienen. Dêrtroch is de etappe neutralisearre. It liket der lykwols op dat Westra dy massale falpartij ûntwike koe, trochdat er wat achterop rekke wie. Westra gong ûnderút by in eardere ôfdaling.
De grutte falpartij ûntstie sawat oardel oere nei de start, doe't twa motorriders dy't it peloton foarbyride woenen, foelen. Der binne sa'n njoggentjin fytsers belutsen by de fal. Alve fan harren binne nei it sikehûs brocht. Lotto-rider Stig Broeckx  út België soe der it slimst oan ta wêze. Hy is lange tiid oan de kant fan de dyk behannele.
Broeckx yn koma
Sneontejûn waard bekend makke dat Broeckx yn koma leit yn it sikehûs. Hy is der sels yn rekke. De Belgyske hurdfytser hat twa bliedings yn de harsens.
Rit telt net mei
De keninginnerit fan de Ronde fan België soe in rit fan 207 kilometer wêze troch de Ardennen, mei start en oankomst yn Verviers. De organisaasje hat besletten de etappe te neutralisearjen. Dat betsjut dat it peloton net mear fytst foar de oerwinning.