Fjouwer moannen sel easke tsjin Ljouwerter himpkweker

© Omrop Fryslân
Tsjin in 37-jierrige Ljouwerter is in selstraf easke fan fjouwer moannen om't er twa grutte himpkwekerijen hie. De kwekerijen stiene yn Wolvegea en Hurdegaryp. Yn totaal hat de plysje sa'n tûzen himpplanten fûn yn beide kwekerijen. De oanklager fan it Iepenbier Ministearje wol ek ien miljoen euro van de fertochte hawwe. Dat is it bedrach dat de Ljouwerter fertsjinne hawwe soe mei it kweken fan de himp.
De rjochter docht op 10 juny útspraak yn dizze saak.