Meldkeamer: alarmearringssysteem fan AED's wurket goed

AED-apparaat foar hertreanimaasje © Omrop Fryslân
It alarmearringssysteem foar reanimaasje en AED wurket wol goed. Boargerhelpferlieners moatte har gjin soargen meitsje as sy bytiden gjin oprop krije fanút it systeem. Dat seit Bert Pronk fan de meldkeamer út Drachten.
Hy reagearret op it ferhaal fan boargerhelpferlienster Sietske van der Mei. Neffens har binne helpferlieners út Noardwest-Fryslân oant twa kear ta net alarmearre, wylst dat neffens har doe wol nedich wie. Pronk fan de meldkeamer yn Drachten seit dat boargerhelpferlieners bytiden mei opsetsin gjin oprop krije.
Dit hat neffens him te krijen mei guon kriteria dêr't de helpferliener oan foldwaan moat. Bygelyks as it giet om bern ûnder de ien jier âld moatte helpferlieners in apart diploma hawwe. Ek as it giet om moard of trauma's wurdt net algemien alarmearre. It kin ek sa wêze dat der op it moment fan melding noch gjin AED nedich is, mar dat letter dochs bliken docht fan wol.
Boargerhelpferlieners krije ornaris berjocht as se tichteby in melding binne fan in persoan dy't net goed wurden is. Sy kinne dan gau te plak wêze en reanimearje.