23 hynders op 'e rin tusken Blije en Holwert

In keppel hynders dat freedtemoarn losbruts yn Blije en nei Holwert draafde, hat dêr foar hiel wat opskuor soarge. De 23 hynders waarden yn Blije fanút de stâl nei in stik lân brocht. Dêrfoar wie de dyk ôfset; oan de iene kant mei in trekker en oan de oare kant mei linten. Mar in automobilist dy't de boat helje moast ried troch de linten hinne. Dêrtroch koene de hynders ûntkomme.
Lang om let koene se nei in stik lân dreaun wurde. De eigener hat de hynders dêr ophelle. Op in pear skaafplakjes nei, mankeare de hynders neat.