Bouwmeester oan de lieding yn Medemblik

Sylster Marit Bouwmeester giet ek nei de tredde dei rom oan de lieding by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De Wartenster waard tongersdei earste en twadde. Yn goede waarsomstannichheden koe de Europeeske kampioene sûnder problemen har liedende posysje yn it klassemint behâlde. Yn de twadde race fan de dei gie it mis by de start, mar Bouwmeester waard úteinlik noch twadde. De Delta Lloyd Regatta duorret noch oant en mei sneon.
Tefreden 
Bouwmeester is tefreden oer har plak yn it klassemint. "Woansdei stie der net in soad wyn en dan is it gewoan dreech. Hjoed wie it waar stabyl. Myn earste race wie gewoan goed. Yn de twadde ferknal ik myn start. Uteinlik is twadde wurde dan noch goed. Ik stean der goed foar."