Earste F-35 de loft yn foar belibbingsflecht

De twa strieljagers foar de earste belibbingsflecht binne sakrekt de loft yn gien fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. It giet om in F-16 en it nije fleantúch, de F-35. De flechten binne bedoeld om de omwenners fan de fleanbasis ûnderfine te litten hoefolle lûd de F-35 makket. Dat soe earst woansdei al, mar doe wie der tefolle bewolking om alle testen dwaan te kinnen.
De strieljagers fleane nei de fleanbasis Volkel, dêr't de tastellen ek lânje. Dêrnei komme se werom en fleane se ferskate rûten boppe Fryslân.