Spoedzorgplein by Antonius sikehûs Snits yn gebrûk naam

Yn it Antonius sikehûs yn Snits wurdt tongersdei it spoedzorgplein offisjeel yn gebrûk naam. Alle aktiviteiten yn it sikehûs dy't te krijen hawwe mei spoedhelp sitte no byinoar yn ien fleugel fan it sikehûs. Neist it Antonius sels, meitsje ek de Dokterswacht, de spoedapteek, de toskespoedpost en de ambulânsesoarch diel út fan de gearwurking.
Der wurdt ferwachte dat troch de klustering fan de soarchferlieners pasjinsten effisjinter holpen wurde.