Prins Carlos: Fryslân rint foarop yn sirkulêre ekonomy

Prins Carlos fynt dat Fryslân foarop rint yn sirkulêre ekonomy. Dat sei de soan fan Prinses Irene woansdei by de fyfde Rede fan Fryslân. De prins is foarsitter fan ynstitút Insid foar duorsume ynnovaasje. Sirkulêre ekonomy betsjut duorsum omgean mei grûnstoffen, ôffal en enerzjy.
"Als er drie wegen naar iets leiden, dan kiest de Fries de vierde weg. Die instelling maakt dat de Friezen er bovenuit steken. De circulaire economie vraagt om een compleet nieuwe samenwerking. Jullie laten geweldige initiatieven van innovatie zien," sei de prins.