Protte reaksjes op fakatuere boskwachter Skylge

In fakatuere fan Steatsboskbehear foar in boskwachter op Skylge hat yn koarte tiid hûnderten reaksjes opsmiten fan minsken dy't de baan graach hawwe wolle. Dat seit sjef fan it Waadgebiet by Steatsboskbehear Tamara Bok op stjoerder BNR. Under de belangstellenden binne minsken fan it iepenbier ministearje, definsje, it ûnderwiis of kafeehâlders.
De minsken dreame der neffens Bok fan om yn alle rêst yn de natuer te wurkjen. Se warskôget lykwols dat it ek in kantoarbaan is en dat net allinnich eilanners, mar ek hûnderttûzenen toeristen kritysk oer it skouder meisjogge.