Prins Constantijn komt nei wetterkampus yn Ljouwert

Prins Constantijn © www.koninklijkhuis.nl
Prins Constantijn komt woansdei nei Ljouwert foar it Water Tech Fest fan de wetterkampus yn Ljouwert. Op dat evenemint treffe ûndernimmers, starters en ynvestearders op it mêd fan wettertechnology elkoar, om kennis te dielen en elkoar te ynspirearjen.
De gearkomste is ûnderdiel fan it Startup Fest Europe. Yn ien wike tiid binne op fjirtjin plakken yn Nederlân aktiviteiten foar startende en lytse bedriuwen dy't groeie wolle. Prins Constantijn is foarsitter fan Startup Fest Europa, platfoarm foar kontakten fan starters mei ynvestearders.