Fluitsje út it jier 700 fûn by Harns

By Harns binne nijsgjirrige archeolyske fynsten dien op it plak dêr't de nije dyk N31 komme moat. Archeologen ûntdutsen resten fan in bewenne terp fan nei alle gedachten it jier 700. Dat is op te meitsjen út dingen dy't fûn binne. Boppe de grûn kamen ûnder oare: in fluitsje, makke fan in skieppebonke, kûgelpotskiven en in mantelspjelde. De ûndersikers ûntdutsen fierders minskebonken en in wetterput oplutsen út âlde Friezen. Der is ek diggelguod fûn út de Romeinske Tiid of de Izertiid.
In archeologysk buro sil de fynsten ûndersykje.