Provinsje stipet ferbouwing basisskoalle De Westereen

De provinsje stipet de ferbouwing fan basisskoalle De Westereen mei in subsydzje fan hast 70.000 euro. It gebou oan de Eskdoorn yn De Westereen krijt in wenfunksje. Der komme alve sosjale hierapparteminten yn. De totale kosten fan de ferbouwing binne hast 990.000 euro.
Yn juny wurdt mei de ferbou begûn, begjin kommend jier moatte de earste minsken der wenje. It provinsjale jild komt út in potsje dat is bedoeld om leechsteande gebouwen in nije funksje te jaan.