Lieuwe Pander is Frysk kampioen wedstrydfiskjen

Lieuwe Pander fan De Harkema is de nije Frysk kampioen wedstrydfiskjen. Hy fong fan de 87 dielnimmers de measte kilo's fisk oan de Warkumer Trekfeart. Syn fangst wie 4 kilogram. De nûmer twa, Harm Bekkema fan Koatstertille helle 3,8 kilo binnen en tredde waard Tabe Bleeker fan Ljouwert mei 2,8 kilo.
De totale fangst fan alle dielnimmers wie teloarstellend mei 95 kilo. In ferklearring hjirfoar is de tiid fan it jier en de net aktive fisken. De omstannichheden wiene dreech fanwegen de stevige wyn dy't der sneon stie.