Autobrêge op It Amelân hat steuring: fearboaten letter
De autobrêge op de oanlissteger op It Amelân hat freed in steuring. Dêrtroch rint de tsjinstregeling fan de fearboaten fertraging op.
Reizgers tusken It Amelân en Holwert moatte rekken hâlde mei in opûnthâld fan sa'n healoere.