Achtkarspelen kiest foar Solarfields

© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De gemeente Achtkarspelen praat fierder mei projektûntwikkeler Solarfields oer de oanlis en eksploitaasje fan in fjild mei sinnepanielen. It bedriuw kaam as bêste út de bus by de ynskriuwing foar it projekt. Mei-inoar hiene trettjin partijen plannen yntsjinne.
De kommisje fan saakkundigen dy't de kar makke hat foar Solarfields wie der foaral oer te sprekken dat de sinnegreide yn it plan fan Solarfields goed yn it lânskip ynpast wurdt. Sa komt der in stik greide mei fruitbeammen by en in picknickplak, in blommegreide en bijekasten.
De kommende tiid wurdt wurke oan it oanfreegjen fan fergunningen en subsydzje.