Felida tinkt nei oer Whatsapp-groep foar omwenjenden opfang

Skrokken, mar dochs tefreden mei hoe't alles rûn is. Dat is hoe't de meiwurkers fan rôfbiste-opfang Felida yn Nijeberkeap weromsjogge op it wykein. De opfang wie sneon grut nijs, nei de ûntsnapping fan twa tigers.
Foaral omdat earst tocht waard dat de bisten fan it terrein ôf wiene. Letter die bliken dat dat net sa wie, mar doe wie de geast al út de flesse. De opfang fynt it spitich dat der sa'n heisa west hat, mar is bliid dat alle feiligensprotokollen goed lykje te wurkjen.
Whatsapp-groep
Der hat al in koarte evaluaasje west, en ek mei de buorlju sil noch in petear folgje. Der wurdt oer neitocht om mooglik in Whatsapp-groep op te rjochtsjen foar it gefal der nochris in kalamiteit is yn de opfang.
Mei de tigers giet it yn de tuskentiid wer goed. Se binne sneontemiddei in goed oere nei harren ferdôving wer wekker wurden. Neffens de fersoargers binne de bisten noch wol in bytsje fan de lech, mar giet alles fierder prima.