Plysje nimt opfierde auto yn beslach yn Drachten
De ferkearsplysje hat tiisdeitemoarn yn Drachten in opfierde auto - dy't omboud wie ta brommobyl - yn beslach naam. Der wienen al in pear kear klachten oer oerlêst kaam. Dêrom hâlde de plysje no in kontrôle. Sa'n brommobyl mei normaalsprutsen maksimaal 25 kilometer yn de oere ride. Dizze ried lykwols 67 kilometer yn de oere.
Boppedat ried de bestjoerder op it Noorderend tsjin it ferkear yn. De jonge fan 17 jier is dêrop oan de kant setten en krige twa prosessen-ferbaal. Om't syn weintsje folle hurder kin as tastien is, is it yn beslach naam.